De neibesteanden wurde dan samar bekinden

 

‘Is it gjin lestich wurk’, wurd faaks frege as ik fertel oer myn wurk. No, net altyd, mar wat ik in skoftsje lyn meimakke haw, fielde wol sa.

 

Alwer dit doarp

It wie in woansdei jûn, doe’t ik nei de tillevyzje seach mei myn frou. De telefoan gie, en sa as dat faker bart, gie ik nei it kantoar om te hearren wa’t ik oan de lyn hie. It wie in frou út in doarp flakby, dy’t my fertelde dat har man ferstoarn wie. In man fan 46 jier…in stien yn’e mage fielde ik. It wie yn 1,5 jier tiid alwér in jongeman dy’t it libben loslitte moast.

 

It draaiboek mar wer út’e kast helje

Ik gie op paad, en kaam yn’e kunde mei de frou fan Cor. Ik koe dizze man, want hy hie in belangrike rol spile doe’t ik 1,5 jier lyn de útfeart fersoarge fan in jonkje. Cor wie doe in sterke man, en no’t hy sa op bêd lei…wie de krêft dy’t dizze man hie fuort. Syn frou en ik sprutsen oer de útfeart en wisten dat it drok wurde soe. Ik belle mei de eksploitanten fan de tsjerke en we pakten it eardere draaiboek wer út’e kast. Sûnder in wurd te sprekken, seagen we inoar oan, en wisten we hokker taak we hiene.

 

Alles foel te plak

De dei fan de útfeart bruts oan, ik wie betiid wekker. Ik wurd dan faaks wat ûnrêstich, dus stapte ik yn’e auto om yn de tsjerke te sjen. Ik seach hoe’t it gie mei de opbou fan de tinten (foar de tsjerke), de technyk (yn en bûten de tsjerke) en ik holp harren wêr’t ik dat koe. De muzyk eefkes teste, en it doarp wie fuort wekker. Want ja, as je sa jong komme te ferstjerren en de muzyksmaak is wat oan de hurde kant, dan makket dat in útfeart dochs écht persoanlik as je dizze musyk ek op sa’n dei klinke litte. Ik seach de neisten fan Cor en ik herkende se allegear. It binne dan samar bekinden fan my. Ik winske harren sterkte, lykas sy dat my tawinsken.  En dat die my goed, want ik koe harren stipe wis wol brûke dizze dei!

 

“Ik winske harren sterkte, lykas sy dat my tawinsken.”

 

Soms is it ek in dreech fak

Ja, fansels bin ik útfeartûndernimmer wurden omdat dit myn ropping is; alteast, sa fielt dit foar my. En dochs moat ik it fertriet, lykas fan dizze Cor, in plak jaan. Lokkich haw ik myn frou en fansels ek myn kollega’s om my hinne om dit te dielen. Want ek in útfeart as die fan Cor, jout my krêft om de famylje by te stean yn dizze swiere dagen.

 

Fansels is dit berjocht yn gearwurking mei de famylje fan Cor opset. 

Elkenien fertsjinnet in ôfskied mei in goed gefoel. Ik bin der foar Jo om dit klear te krijen. Mear witte? Skilje ris mei my.

Waarme groet fan Leo Boermans

(06 – 228 38 213).